Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for december, 2016

admin

It koe noch krekt

Keunst

fan D. Witting*
fan Nicolaes Maes**

It skaad sloech op ’e tafel del
en skampte oer de harsensplasse,
trillings roerden al ien snaar
en weagen fierder mei gefaar
fan ivich doarmjen yn de hel.

It koe noch krekt, mar Beatrix
hie fan de dea neat yn de plasse;
op ’t portret wie foar in frou
it ivich libben sûnder rou
en fan it oare wist men niks.

Swart-wyt wie ’t biedwurd fan ’t bestean,
dus dat kontrast soe aardich passe
yn ’t ovaal, folslein portret;
de dea hat doe syn stimpel set,
sy soe him yn de mjitte gean.

* D. Witting (aktyf om 1630 hinne)
Skilderij ‘Vanitas-stillibben’

* Nicolaes Maes (1634-1693)
Skilderij ‘Portret fan Beatrix Snels’
It portret is skildere yn 1678
Beatrix Snels is ferstoarn yn 1678

admin

Kriichsheld Judas dea

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Al wer kaam ’t op in striden oan,
in Syrysk leger tsjin de Joaden,
it hie de earste slach al slein
tsjin ’t folk, mei withoefolle moarden.

It kaam foar Judas derop oan,
soldaten slûpten út it leger…
wie dit foar Joaden dan de ein?
Noch net, al waard it folle dreger.

Achthûndert sprieken Judas oan,
ferstannich wie ’t om net te fjochtsjen,
mar Judas wie noch net ferslein…
de fijân soe net oer him rjochtsje.

Hy gie de striid manmoedich oan,
sloech earst syn slach, mar waard doe rekke,
sa kaam de kriichsheld oan de ein…
wa koe de Syriërs noch brekke?

* Yllustraasje ‘Judas yn de striid’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum