december 3, 2016
fan Gustave Doré*
Ut Gileäd kaam it berjocht
dat Joaden rûnen grut gefaar:
de dea en oars in slavelibben;
Judas hat dêr oars oer tocht
en nei befrijing stribbe.
Syn leger teach troch de woestyn,
wie doe al wiet fan de Jordaan
en koe it yn de hjitte rêde:
’t naam ferskate stêden yn
en hat de bloei fertrêde.
Timotéüs, de generaal
fan ’t heidensk leger, wie te let
by ’t wetter streamend oer de stiennen;
Judas’ leger sloech totaal
troch alle wjerstân hinne.
De Joaden, út ’e hjitte wei,
naam Judas mei oer de Jordaan,
in oergong troch it koele wetter,
’t fielde as in ommeswaai,
yn Sion koe ’t net better.
* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Judas ferslacht Timotéüs’
december 2, 2016
Ut it skûtsje-argyf 2004
Se binne skippers op ’e Haachse wâl
en ha noch nea it roer yn hannen hân,
dochs is der mei it skip in hechte bân,
hoewol… it giet har gau te mâl.
De skûtsjes hiene se nea silen sjoen,
mar krigen wol de foarmen foar ’t ferstân,
dy flitsten fan de holle nei de hân,
in wurk oant yn de lette jûn.
Sa ha de Haachse bouwers mei belied
har mei Doarp Grou en ek De Lemmer ret;
al wie ’t programma neffens Fryske wet,
’t regear wie Haachs sa as dat giet.
Se binne skippers mei de automaat,
regeare sûnder hannen oan it roer,
de saaie striid is mar fan koarte doer
en is op ’t lêst mar surrogaat.