december 5, 2016
As beam en reid beripe binne,
’t wetter leit der as in spegel by,
de sinne kipet troch de dize,
’t oansjen fan de wrâld is nij,
dan slacht it hert der fûler hinne.
De dei sil boppe nul ferrinne,
mar it wachtsjen is dan op ’e nacht,
dy’t taseit dat it fûler frieze
sil as dagen ha oan macht,
noch fûler slacht it hert derhinne.
Noch foar it rizen fan de sinne
ha se sitten nei de rûte brocht,
dy’t op it ‘no sil ’t heve’ wize
fan de Alvestêdetocht…
de net-Fries hat it ryk allinne.
december 4, 2016
Tsjinst op 4 desimber 2016 yn Goaiïngaryp
1. Tarissing
Op ’e twadde snein fan Advint
binne wy yn Goaiïngaryp by elkoar kommen,
fol fan ferwachting nei it bern,
dat úteinlik as wiere kening
derfoar soargje sil
dat de wolf te gast wêze sil by it laam,
dat de liuw mei it keal weidzje sil
en dat in jonkje de hoeder is.
Lit ús oer dizze tsjinst de seine freegje
fan God dy’t himel en ierde skepen hat,
dy’t trou is oan syn belofte
fan it kommende keninkryk,
dêr’t yn it libben fan Jezus
al in glimke fan opljochte.
Amen
2. Sjonge
Psalm 72: 1 en 2
3. Bea
God ús Heit,
dy’t yn David alle fertrouwen hie
dat syn keninkryk rjocht, wierheid en trou
heech yn it findel fan de frede hie,
mar it is útrûn op ûnrjocht, ûntrou
en boargeroarloch.
Hear, ûntfermje Jo oer it minsdom.
God ús Heit,
dy’t in bern op ierde komme liet
dat útgroeie soe ta de Messias,
fol fan rjochtfeardigens, wierheid, trou en frede,
mar it ís útrûn op syn feroardieling
en dea oan it krús.
Hear, ûntfermje Jo oer it minsdom!
God ús Heit,
dy’t troch de opstanning fan de Messias
alle fertrouwen hie dat it minsdom
rjocht, wierheid, trou en frede neistribje soe,
mar it is útrûn op in wrâld fol fan ûnrjocht,
dêr’t it sljochte folk de dupe fan wurdt,
op in wrâld dêr’t machthawwers de wierheid ferdraaie,
dêr’t trouweleazens foar master opslacht,
in wrâld dy’t twa wrâldoarloggen meimakke hat
en dêr’t de striid noch altyd sjoen wurdt as oplossing.
Hear, ûntfermje Jo oer ferliezers en flechtlingen.
God ús Heit,
hjir binne wy dan as gemeente yn Goaiïngaryp,
dy’t fêsthâldt oan de belofte fan rjocht, wierheid, trou en frede,
dy’t soms glimkes fan jo kommende Keninkryk opheine mei.
Hear, ûntfermje Jo oer ús.
Amen
4. Sjonge
Psalm 72: 4 en 7
5. Ynlieding
Wat in lok ast pake of beppe wurden bist. Wy meie ien kear yn de wike op Willem fan fjouwer en Doutsen fan twa passe. Dan giet faak in wrâld foar ús iepen: hoe’t se boartsje, fantasearje en sa alles om har hinne ferkenne. Foar harren giet de wrâld stadichoan iepen en foar pake en oma (want sy is in Snitser) iepenje se de wrâld ek, de wrâld fan de takomst.
As it op ús oppasdei nei fiven rint en it wurdt yn dizze tiid skimerich, dan is steefêst de fraach: ‘Pake, foarlêze?’
‘Jawis, helje mar in pear spannende boeken út ’e kast.’
Se krûpe op ’e bank oan wjerskanten tsjin pake oan. Ik pak it boek ‘Woeste Willem’ en al hawwe se de foarkant al alve kear sjoen, de eagen geane wiid iepen en heine it byld fan de rûge seeman net allinnich op, mar der komme ek al bylden foar eagen hoe’t it ferhaal fierder rinne sil. Dochs liket it as binne alle siden dy’t foar it ljocht komme wer bysûnder, lykas de altyd wer opkommende sinne, dêr’t de minske mei ferwûndering nei sjocht. In wûnder, sa’t de bern ek sjogge en harkje nei in al bekend ferhaal, mei grutte ferwûndering.
Lit ús noch efkes by de klinte fan woeste Willem bliuwe. Hy is eins it byld fan in minske dy’t it libben wol sjoen hat. Neat is mear nij foar him, it âlde hat er ta wet makke. Hy fûteret en gnoarret hiel wat ôf, ek op lytse Frank. Syn draak, symboal fan it hege fleanen, sa’t in bern ek fan de grûn ôf wol, komt op it dak fan Willem telâne. De âld gnoarder is woest fansels. Sa wurdt in bern konfrontearre mei de wet fan folwoeksenen: in heechfleaner mei it dak, dat de folwoeksene tsjinnet om ûnderdak te kommen, net reitsje.
Dan komt de omslach. Frank makket kadootsjes foar Willem en dy makket foar Frank in nije draak. Mar dat is noch mar de helte fan de omslach. As se tegearre in flot bouwe en Frank wol mei syn folwoeksen kammeraat út te farren, dan docht bliken dat woeste Willem lytsman wurdt: hy kin net swimme. Frank wit wol rie: Willem krijt in swimbân om en fertrout him as bern folslein ta oan seeman Frank.
Mei sân pear earen ha Willem en Doutsen foar de tolfde kear nei it ferhaal fan woeste Willem en lytse Frank harke. It hat harren wer in eintsje fierder tild fan de grûn om letter yn it libben heechfleaner te wurden, net yn de sin fan arrogante hear of dame boppe oaren út, mar as minske dy’t op syn bêst tusken ierde en himel libbet. De ierde as it wurkfjild foar hjoed de dei en de himel as perspektyf foar de takomst, in twadde paradys op ierde.
Foar it bern oer stiet de folwoeksene as wetjouwer. De wetjouwer hat jong west en wit dus fan de ferhalen, mar hat dêr ôfstân fan nommen. Hy hat de stikkene draak fan it dak ôfhelle en dêrnei útinoar helle. De ûnderdielen hat er brûkt foar syn eigen folwoeksen produkten. Hy hat net in nij ferhaal makke, mar it oarspronklike ferhaal (de âlde draak) feroare yn wetten.
Sa wurdt it âlde ferhaal ta wet en it bern wurdt wei yn de folwoeksen maatskippij.
6. Sjonge
Liet fan de bernestim: 1, 2 en 3
Wize: Liet 347
Freugde is it as in bern
daliks lûd jout nei de berte,
dy primeur giet net ferlern,
klinkt noch troch yn alle herten.
Yn de leafde fan de âlden
sil de stim it suver hâlde.
Yn de leafdessymfony
groeit it bern nei syn bestimming,
sjongt de libbensmelody
troch te jaan en yn it nimmen.
Op ’e grins, folgroeid yn jierren,
klinkt syn kleare stim fan fierren.
As it libben leafde mist,
kin it bern gjin wize hâlde,
skril is ’t lûd as fan in bist,
’t wraakliet is foar âlde wrâlden.
Op ’e grins, net mear te kearen,
klinkt syn skreau, wanhopich bearen.
7. Lêze
Jesaja 11, 1-10
8. Sjonge
Liet fan Jeruzalem 1: 1, 2, 3 en 4
Wize: Tuskentiden 1
Jeruzalem, dit is de dei
dat God syn gloarje komt,
it ljocht streamt út it tsjuster wei,
it neare lûd ferstomt.
De folken tsjogge nei dy op,
de keningen foaroan
en klear klinkt elke freugderop,
in symfony dy moarn.
Jeruzalem, de fleur deryn,
sjedêr dyn eigen bern
út alle streken fan de wyn,
har blydskip is te sjen.
De seeën weagje rykdom oan,
it keninklike goud,
de mirre, wijreek foar dyn soan,
’t is him wol tafertroud.
9. Ferkundiging 1
Mar út ’e stobbe Isai sjit in twiich op.
Isai… wie dat net de heit fan David, de hoedersjonge?
En dan rize by ús de bylden op út ferhalen wei: David dy’t by de keppel op syn harpe spilet.
David, noch mar in jonge, dy’t de liuw en bear by de skiep weijaget.
David, noch mar in jonge, dy’t it opnimt tsjin reus Goliat en him mei in stien út ’e slinger deadet.
Dus ferhalen oer in jonge en wylde bisten, dêr’t de Filistyn Goliat ek ta hearde, in bear fan in fint.
Wy sjogge David, de hoedersjonge, al stean: in rûch kleed om de skouders mei om de mul in gurle, sadat de fuotten frijbliuwe om te rinnen. Hy hat de skuon mei riemen fêstmakke, sadat se ûnderweis net útgeane. Sa kin de hoedersjonge de keppel byinoar hâlde en sa kin er Goliat ferslaan.
Mar gurle en riem ha neffens Jesaja ek noch in figuerlike betsjutting: in gurle fan wierheid en trou en in riem fan gerjochtichheid. Sa is David trou oan syn opdracht as hoeder en kiest er foar de keppel it rjochte paad nei griene greiden… en letter foar syn folk de rjochte wei dy’t Mozes wiisd hat yn opdracht fan God.
Mar trijehûndert jier letter, yn de tiid dat Jesaja libbe, is fan de beam fan Isai net folle oerbleaun. De hege, keninklike beam is ferwurden ta in lege stobbe. De profeet Jesaja, dy’t yn Jerzalem wennet, moat oansjen dat de stêd fan David belegere wurdt troch in grut Assyrysk leger. Soe men dêr net mankelyk fan wurde?
Dan kriget Jesaja binnen de muorren fan de Davidsstêd de stobbe fan Isai foar eagen en sjedêr: in twiichje as teken dat der feroaring komt. In berntsje fan de âlde heitebeam is berne en dan giet it ferhaal fan Jesaja fierder… jawis it ferhaal, gjin wet fan âlde tiden.
Jesaja kriget in fisioen: it nije twiichje op ’e stobbe fan Isai is de Soan fan David, gjin fjochtersbaas mei as wapen slinger en letter swurd en spear. De Soan fan David krijt mar ien wapen, foar safier ’t men fan wapen sprekke kin. Nee, de Geast, dy’t de Soan fan David krijt, is gjin wapen. It wurd seit it al: it is in oare Geast as de wrâld sjen lit, in Geast dy’t him net bine lit troch wetten, struktueren en machtsposysjes. Hat dy Geast mei in haadletter wat te krijen mei de geast dy’t lytse Frank waaie lit op it hiem fan woeste Willem? Ik tink it wol. Dy geast lit de draak de loft yngean en waait yn it seil fan it flot om gong te krijen. Lykas de Geast mei in haadletter de minske libje lit tusken ierde en himel en him op ’e see fan it libben de wyn yn de seilen blaast.
No’t it byld fan lytse Frank ús wer foar eagen kommen is, kinne wy better troch de eagen fan Jesaja nei bern sjen. Want wat sjocht de profeet yn syn fisioen?
Bern tusken fee en wylde bisten, in paradyslik tafriel:
In lytse jonge as hoeder fan laam, wolf, geitebokje, panter, keal en liuw.
In beuker dy’t in nêst mei giftige njirren ferkent.
En in tatebern dat boartet by de hoale fan in grutte slang.
Wat in prachtich ferhaal!
Nei de ferhalen fan hoedersjonge David, dy’t ús o sa oansprutsen ha, is de wrâld folslein feroare.
De lytse jonge hoecht yn it nije ferhaal de liuw en de bear net mear fuort te jeien, want se frette nêst it keal en de ko gers. De wylde dieren binne diel fan de keppel wurden.
En de folwoeksenen dan? Dy spylje yn it fisioenferhaal fan Jesaja gjin rol. Mar fansels hearre se der wol by, teminsten as se har yn it ferhaal ynpasse litte.
10. Sjonge
Liet fan Jesaja: 1, 2 en 3
Wize: Liet 440 (âlde bondel)
Jesaja hat de tiden skôge,
wie troch de jierren Gods profeet,
hy seach de stêd yn ljochte lôge,
hie fan it leed, de triennen weet;
doe’t Babelsk tiid rûn nei de ein,
hat hy it folk it ljocht tasein.
De tsjinstfeint sil fanwegenkomme,
God hat him útkard foar de wrâld,
hy komt net mei de slaande tromme
en raast net oer in skrikbewâld;
de Geast jout him in eigen lûd,
dat hy de heidenfolken stjoert.
Jesaja seach de tsjinstfeint rinnen
by ’t reidfjild lâns, kniesd troch de wyn,
de stâlen soene brekke kinne,
mar tsjinjen is as sinneskyn,
dy’t makket al it bûgde rjocht,
wat hiel de wrâld mei freugde sjocht.
11. Lêze
Mattéus 3, 1-12
12. Sjonge
Liet 456b: 1, 2 en 8
13. Ferkundiging 2
Bekear jimme: it himelske ryk is tichteby kommen.
Sa begjint Jehannes yn de woestyn mei syn dooppreek. Gjin fisioen, mar de kearntekst foar syn preek, in konfrontearjende tekst, in tekst om bang fan te wurden, want:
Hoe sjocht dat himelske ryk derút?
As it sa tichtby is, dan moat it wol gau mei dysels heve.
Mar wat moat dan heve?
Bekeare… hoe dan?
Dy fragen moatte by it folk opkommen wêze doe’t se dy frjemde fint yn syn mantel fan kamielehier oan de igge fan de Jordaan seagen. Koene se him? Fan hearren sizzen wol, mar fierder?
Dêrom makket Jehannes him bekend:
Der is ien yn de woestyn, dy’t ropt:
Meitsje de wei fan de Heare ree,
meitsje rjochte paden foar Him.
Dus Jehannes as de oanlizzer fan de wei foar de Heare.
Jehannes stelt him sa foar om’t er foar it folk in ferhaal oer in beam hat en oer it suverjen fan nôt en oer de Geast. Mar it binne net de wurden fan Jehannes sels. Der hat in profeet west dy’t fier foarút sjen koe en 700 jier foar de preek by de Jordaan al in foarstelling fan Jehannes hie en him dus ek al foarstelle koe.
Dat wie Jesaja, deselde dy’t it ek al hie oer in gurle en in riem… as hied er de gurle om Jehannes syn mantel en de riemen fan syn skuon ek al foar eagen krigen.
Wat in ferskil tusken dy twa godsmannen! Se libben beide wol yn in spannende tiid: Jesaja moast oansjen dat Jeruzalem belegere waard en Jehannes libbe ûnder de besetting fan de Romeinen. Mar wat in ferskil yn ferhalen! Jesaja fertelt in paradyslik ferhaal mei bern as haadpersoanen tusken wylde bisten. Jehannes hâldt in tongerpreek: in beam dy’t omhakt wurdt en yn it fjoer smiten, dat net út te krijen is.
Tsjin wa? It folk dat op him takommen is, harket de preek oan en sil him ek wol oansprutsen field ha,
mar de bliksem slacht yn by de Farizeeën en Sadduseeën, dy’t ek steane te harkjen. It binne gjin manlju fan ferhalen, mar fan wurd, regel en wet, dy’t it folk mei twang oan har bine.
‘Njirrebrod,’ sa skeldt Jehannes harren út.
It nêst fan de njirren, dat yn it ferhaal fan Jesaja troch in beuker ferkend wurdt (gjin njirre dy’t de giftosk yn it fleis fan it bern set), wurdt troch Jehannes brûkt om de mannen fan wurd, regel en wet oan te sprekken.
Hy slacht se ek noch mei in ferhaal om de earen, dat fan Abraham, de heit fan Izaäk, de heit fan Jakob, de heit fan… en gean samar fierder oant it ferhaal útkomt by de mannen fan wurd, regel en wet. Nee, dat se Abraham as har heit beskôgje, hat gjin inkele betsjutting as se har net bekeare.
Dêr kinne se it mei dwaan, want op dwaan komt it oan.
En as spilet de Geast dermei, nee… net de duvel, der komme yn de tongerpreek fan Jehannes ek noch bern foar. It hillige fjoer fan God lit er yn stiennen slaan, sadat dêr bern útkomme.
Stien en bern… en it hoedersjonkje út Jesaja seach dat de liuw te fier by de keppel weidoarme. Hy pakte syn slinger, lei in stientsje op ’e riem en slingere dat nei it bist, dat opskrille en daliks weromkaam.
Is dat ek net it byld fan it jonkje fan Betlehem, troch Jesaja en Jehannes beide ferkundige, it jonkje dat hoeder fan de folken waard om de wrâld te feroarjen yn it Keninkryk fan syn Heit?
Amen
14. Oargelspul
15. Us Heit
Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen
16. Sjonge
Liet fan it paad wizen: 1, 2, 5, 6, 7, 8, 9 en 10
Wize: Liet 444
It paad rint nei de berte
it hiele libben troch,
do silst dyn namme sette
op ’t boerd dat wiist nei Him.
Dan klinkt as út ’e fierte
it koar fan Betlehem:
‘Elk moat de berte witte
fan Him dy’t weiwiist, sjoch!’
Profeten hawwe tsjûge,
’t betearde ûngelyk,
ek Jeremia noege
oer wegen nei it Ryk.
Mar ’t folk keas eigen paden
nei goaden sûnder doer,
it waard mei ’t lot beladen
fan balling, ’t sânpaad oer.
It folk yn frjemde streken
hie gjin fertrouwen mear,
in balling sûnder teken,
it Godsfolk sûnder Hear.
Jesaja hat doe tsjûge
fan treast yn it bestean,
it wie God sels dy’t noege
om op ’en paad te gean.
Jeruzalemmers sochten
in antwurd op har fraach:
‘Wa binne jo? Wy tochten…
út ús profetelaach.’
Jehannes liet him kenne
as wizer fan it paad:
‘Hy komt foar it ferlerne,
ik stean by Him yn ’t skaad.’
Wy libje folle letter,
mar hjoed klinkt wer dy fraach:
‘Wa bist? Witsto it better
of bist as balling traach?’
Lit daagje dan it easten,
wurd wizer fan it paad
nei Him dy’t waard de earste
dy’t skaaide nei Gods aard.
17. Seine
Wy geane wer nei ús eigen wente
mei de ferwachting dat it Keninkryk
fan God mei de tiid trochbrekke sil.
Wy meie meinimme de seine fan God de Heit,
de leafde fan Jezus Kristus de Soan
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast.