{"id":8342,"date":"2016-11-13T20:24:03","date_gmt":"2016-11-13T20:24:03","guid":{"rendered":"http:\/\/www.tjerkstra.com\/wordpress\/?p=8342"},"modified":"2016-11-26T18:37:52","modified_gmt":"2016-11-26T18:37:52","slug":"tsjinst-fan-slang-en-stef-yn-broek","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/religy\/tsjinst-fan-slang-en-stef-yn-broek\/","title":{"rendered":"Tsjinst fan slang en st\u00eaf"},"content":{"rendered":"<p>Tsjinst op 11 juny 2006 yn Broek<\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" title=\"Image\" src=\"http:\/\/www.tjerkstra.com\/images\/stories\/deiboek2\/ynternet100_2668.jpg\" alt=\"Image\" width=\"450\" height=\"338\" border=\"0\" hspace=\"6\" \/><\/p>\n<p><strong>1. Tarissing<\/strong><\/p>\n<p>In fuotbal leit op &#8216;e preekstoel, om&#8217;t hjoed de earste wedstriid fan Nederl\u00e2n spile wurdt by it wr\u00e2ldkampioenskip yn D\u00fatsl\u00e2n. Mar it giet fan &#8216;e moarn net om de fuotbalgeast, mar om de Hillige Geast.<br \/>\nBroek ken syn eigen fuotbalkampioenen.<\/p>\n<p><em><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" title=\"Image\" src=\"http:\/\/www.tjerkstra.com\/images\/stories\/deiboek2\/ynternet100_2670.jpg\" alt=\"Image\" width=\"450\" height=\"338\" border=\"0\" hspace=\"6\" \/><\/em><\/p>\n<p>Op ien fan de finsters yn de tsjerke is in mozayk fan Sint Christoffel mei de st\u00eaf, de Kristusdrager.<\/p>\n<p><em><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" title=\"Image\" src=\"http:\/\/www.tjerkstra.com\/images\/stories\/deiboek2\/ynternet100_2672.jpg\" alt=\"Image\" width=\"450\" height=\"338\" border=\"0\" hspace=\"6\" \/><br \/>\n<\/em><em><br \/>\n<\/em>Yn dizze tsjinst giet it om de st\u00eaf en de slang.<em><br \/>\n<\/em><strong><br \/>\n<\/strong>De snein nei it Pinksterfeest,<br \/>\nit feest fan de Hillige Geast,<br \/>\nde snein Trinitatis,<br \/>\nde hillige trije-ienheid,<br \/>\nGod, Jezus en de Hillige Geast.<\/p>\n<p>Op dizze snein komme wy by elkoar<br \/>\nom de trije-ienheid te fieren<br \/>\nen om \u00fas eigen trije-ienheid te belibjen.<br \/>\nUs help is fan God de Heit,<br \/>\n\u00fas foarbyld is Jezus de Soan<br \/>\nen de ynspiraasje komt fan de Hillige Geast.<br \/>\nAmen<\/p>\n<p><strong>2. Sjonge<br \/>\n<\/strong>Liet 255: 1, 2, 3, 4<\/p>\n<p><strong>3. Laam en hoeder<\/strong><\/p>\n<p>Liet 255: 2 &#8211; Jezus as laam dat \u00fas r\u00eadt.<br \/>\nPsalm 23 &#8211; De Hear is myn hoeder.<br \/>\nIt is net om &#8216;e nocht dat wy it earste part fan Psalm 23 l\u00eaze.<br \/>\nIt is foar in protte minsken in tekst d\u00ear&#8217;t se mei libje en stjerre.<br \/>\nWa fan jim sprekt yn it bys\u00fbnder dizze psalm oan? W\u00earom?<\/p>\n<p><strong>4. L\u00eaze<br \/>\n<\/strong>Psalm 23, 1-4 as gebed<\/p>\n<p><strong>5. Sjonge<br \/>\n<\/strong>Liet: 14: 1, 2, 3<br \/>\n<strong><br \/>\n6. St\u00eaf as teken fan de Geast<br \/>\n<\/strong><br \/>\nJo st\u00f4k en jo st\u00eaf dy fertreaste my, seit Psalm 23 fers 4.<br \/>\nDe st\u00eaf as treaster, mar hoe?<br \/>\nSjoch nei de hoeder dy&#8217;t mei syn st\u00eaf de skiep hoedet.<br \/>\nDe st\u00eaf wiist de wei, beskermet, jout treast en kr\u00eaft.<br \/>\nW\u00ear ha wy dat earder heard?<br \/>\nWiist de Geast ek net de wei?<br \/>\nEn beskermet en treast de Geast ek net?<br \/>\nJout de Geast ek net kr\u00eaft&#8230; ynspiraasje?<\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" title=\"Image\" src=\"http:\/\/www.tjerkstra.com\/images\/stories\/deiboek2\/ynternet100_2673.jpg\" alt=\"Image\" width=\"338\" height=\"450\" border=\"0\" hspace=\"6\" \/><\/p>\n<p>De st\u00eaf as teken fan de Geast?<br \/>\nYn hokker ferhalen komme wy de st\u00eaf tsjin?<\/p>\n<p>&#8220;Slaan mei de st\u00eaf it wetter fan de Nyl,&#8221; sei God tsjin Mozes.<br \/>\nEn sjoch, it wetter waard bloed, de earste pleach foar Egypte.<br \/>\nDe st\u00eaf as kr\u00eaftboarne&#8230; teken fan de Geast.<\/p>\n<p>&#8220;Slaan mei de st\u00eaf de moude op &#8216;e gr\u00fbn,&#8221; sei God tsjin Mozes.<br \/>\nEn sjoch, de moude feroare yn langskonken, de tredde pleach foar Egypte.<br \/>\nDe st\u00eaf as kr\u00eaftboarne&#8230; teken fan de Geast.<\/p>\n<p>&#8220;Til dyn st\u00eaf op en stek de h\u00e2n \u00fat oer de see en spjalt dy,&#8221; sei God tsjin Mozes.<br \/>\nEn sjoch, it wetter fan de Reidsee spjalte en der \u00fbntstie in paad.<br \/>\nDe st\u00eaf as kr\u00eaftboarne&#8230; teken fan de Geast.<\/p>\n<p>&#8220;Stek yn de striid tsjin Amalek dyn st\u00eaf omheech,&#8221; sei God tsjin Mozes.<br \/>\nEn Mozes hold de st\u00eaf boppe de holle en Israel w\u00fbn de striid.<br \/>\nDe st\u00eaf as kr\u00eaftboarne&#8230; teken fan de Geast.<\/p>\n<p>&#8220;Lis de st\u00eaven fan de stammen yn de tinte fan de moeting,&#8221; sei God tsjin Mozes, &#8220;ek dy fan A\u00e4ron en Ik sil de st\u00eaf fan de man dy&#8217;t Ik \u00fatkies yn bloei rinne litte.&#8221;<br \/>\nEn sjoch, de st\u00eaf fan A\u00e4ron sprute \u00fat en bloeide.<br \/>\nDe st\u00eaf as kr\u00eaftboarne&#8230; teken fan de Geast.<\/p>\n<p>Yn de wr\u00e2ld fan tsjintwurdich misse wy st\u00eaven.<br \/>\nInkeld de paus en Sinteklaas sjogge wy dermei.<br \/>\nYn \u00fas wr\u00e2ld wurde faak stokken br\u00fbkt om te slaan.<br \/>\nMar wat soe der op tsjin w\u00eaze om de st\u00eaf wer in plak te jaan?<br \/>\nYn plak fan de st\u00f4k as wapen, de st\u00eaf.<br \/>\nEn foar de \u00e2lderein: yn plak fan de rollator de st\u00eaf.<br \/>\nIt h\u00e2ldf\u00east en de kr\u00eaft fan de Geast.<\/p>\n<p><strong>7. Sjonge<br \/>\n<\/strong>Liet fan slang en st\u00eaf<\/p>\n<p>De st\u00eaf en de slange,<br \/>\nde geast en it kwea,<br \/>\nhoe sil it beteare?<br \/>\nDe tiid sil it leare:<br \/>\nop libben en dea.<\/p>\n<p>De lusth\u00f4f fan Eden,<br \/>\nit duorre net lang<br \/>\nof d\u00ear hiest de kweade<br \/>\ndy&#8217;t flaaike en bearde,<br \/>\nde rop fan de slang.<\/p>\n<p>By&#8217;t br\u00e2nende boskje<br \/>\nwaard Mozes spoekbang,<br \/>\nmar God soe him leare,<br \/>\nneat soe him mear deare,<br \/>\nde st\u00eaf waard in slang.<\/p>\n<p>De godsst\u00eaf fan Mozes<br \/>\njoech Israel moed,<br \/>\nEgypte moast witte<br \/>\nom nea te ferjitten:<br \/>\nit wetter waard bloed.<\/p>\n<p>It stof fan Egypte<br \/>\nhat Mozes ek slein<br \/>\nmei st\u00eaf en mei wurden,<br \/>\nde moude is wurden<br \/>\nynsekten as rein.<\/p>\n<p>Befrijd fan it lijen,<br \/>\nmar &#8217;t ja waard in nee,<br \/>\ndochs Mozes wist better,<br \/>\nde st\u00eaf boppe &#8217;t wetter,<br \/>\nin paad troch de see.<\/p>\n<p>De tocht soe ferrinne<br \/>\nmei lek en mei brek,<br \/>\nmar Mozes stiek tichter<br \/>\nde st\u00eaf nei de hichte,<br \/>\nfersloech Amalek.<\/p>\n<p>Dochs doe&#8217;t it folk klage,<br \/>\nkaam nochris de slang,<br \/>\nyn gielkoper getten,<br \/>\nwaard Israel better<br \/>\nen libbe noch lang.<\/p>\n<p>De st\u00eaf of de slange,<br \/>\nde geast wint fan &#8217;t kwea,<br \/>\nit fjoer sil \u00fas leare:<br \/>\nit gif sil ferkeare<br \/>\nyn &#8217;t himelske brea.<\/p>\n<p><strong>8. <\/strong><strong>Gebed<br \/>\n<\/strong><br \/>\nHear, \u00fas hoeder mei de godsst\u00eaf,<br \/>\nbeskermer tsjin \u00fbnheil,<br \/>\nr\u00eader fan wa&#8217;t yn need sitte,<br \/>\nbring \u00fas yn oarden fan r\u00east,<br \/>\ndat wy stil wurde om te sjen<br \/>\nit heil fan griene greiden,<br \/>\nom te harkjen<br \/>\nnei wurden fan ivige wiisheid<br \/>\nen om \u00fas te ynspirearjen<br \/>\ntroch it fjoer fan it toarnbeibosk.<br \/>\nAmen<\/p>\n<p><strong>9. L\u00eaze<br \/>\n<\/strong>Exodus 3, 1-6,<br \/>\nExodus 4, 2-4<br \/>\nExodus 4, 14<\/p>\n<p><strong>10. Sjonge<br \/>\n<\/strong>Liet 51: 1, 2, 3<\/p>\n<p><strong>11. L\u00eaze<br \/>\n<\/strong>Johannes 3, 1-16<br \/>\n<strong><br \/>\n12. Sjonge<br \/>\n<\/strong>Liet 247: 1, 2, 3<\/p>\n<p><strong>13. Ferkundiging<\/strong><\/p>\n<p>It ferhaal giet dat God by de skepping dochs net hielendal tefreden wie. En dan gie it om de minske. Twa hannen hied er en twa fuotten, dat hy wie yn lykwicht, mar dat wie God net gen\u00f4ch. D\u00earom blaasde Hy Adam de siken yn en sjoch de minske kaam ta libben. Mar it wie noch net wat God Him d\u00earby foarsteld hie. Doe naam er in ribbe \u00fat it lichem fan Adam en skoep de frou. Sa, tocht God, twa dat is in pear: twa hannen, twa fuotten, twa minsken, man en frou. Mar dochs&#8230; God r\u00fbn der mei om, want wie it wol gen\u00f4ch? Hy seach nei Adam en Eva, fernaam hoe&#8217;t se sykhellen, de wyn fan har azem, de minsklike geast, mar w\u00ear wie it godlike fjoer? Twa wie in pear, mar dochs net gen\u00f4ch. Lykwols foar&#8217;t God maatregels nimme koe, wie de tredde der al, de slang. En dat wie no krekt net de bedoeling. God hie Him hiel wat oars foarsteld by dy tredde. Wat? D\u00ear hat God Him by wize fan sprekken it fjoer foar \u00fbnder de fuotten wei r\u00fbn.<\/p>\n<p>Mar oft dat tusken de beide iisk\u00e2lde ierdske poalen, de Noard- en de S\u00fadpoal, slagge is? Is de ierde dan ek al mislearre, soest dy \u00f4ffreegje kinne. Twa is in pear, de Noard- en de S\u00fadpoal, mar it giet om wat d\u00ear tusken sit. It is de fraach oft yn it gebiet tusken de poalen it fjoer wol br\u00e2nt. En dan net it fjoer \u00fat &#8216;e gewearen of de bommen, mar dat fan de geast. Want as dat fjoer br\u00e2ne soe sa&#8217;t God Him dat foarsteld hie, dan wie der gjin honger en earmoede. Dan stoaren der gjin miljoenen bern mear oan in tekoart oan iten en medisinen en in tefolle oan geweld. Dan wiene de Earste Wr\u00e2ld (it Westen) en de Twadde Wr\u00e2ld (it Easten) begien mei de Tredde Wr\u00e2ld (it Suden) en wiene de trije wr\u00e2lden yn folsleine harmony: Gods ryk op ierde tusken de Noard- en S\u00fadpoal. Want trije is no ienkear it symboal fan de ienheid&#8230; trije-ienheid.<\/p>\n<p>Nee, dan yn de tiid dat it godsfjoer noch op ierde kaam! Wat in barren! Mar wie dy tiid wol safolle better? It slavefolkje Israel suchte \u00fbnder it jok fan Egypte. De Israeliten waarden sels ynset yn it milit\u00eare rezjym fan Egypte: sy moasten festingst\u00eaden bouwe. En de lytse jonkjes waarden as jonge katten yn de Nyl fers\u00fbpt. Bern wurde yn alle tiden it slachtoffer fan de ferdwazing fan folwoeksenen. Allinnich Mozes is deroan \u00fbntkommen en geloksbern wurden oan it h\u00f4f fan de farao. Mar s\u00fbnt er in Egyptner deaslein hat &#8211; in tiid fan moard en deaslach &#8211; doarmet er mei de skiep fan skoanheit Jetro yn de woestyn om. Nee, tink net dat it geloksbern \u00fbngelokkich wurden is. Hy hat ferkearing krigen mei Sippoara, de dochter fan Jetro, en is mei har troud. Twa is in pear. En twa en twa is fjouwer, want der wurde twa soannen berne: Gersjom en Eli\u00eazer. Trije wurdt oerslein en lykas yn it betochte ferhaal by de skepping, hat God der gjin frede mei. Twa is net gen\u00f4ch en fjouwer doocht net. En noch foar&#8217;t de slang syn kop opstekt, grypt God yn.<br \/>\nMozes sjocht yn de fierte in toarnbeiboskje (mei de stikels d\u00earst dy raar oan skramme kinst), dat yn de br\u00e2n stiet. Dat bart net alle dagen en nijsgjirrich komt Mozes tichterby, benammen om&#8217;t it boskje net fertart. Hy hat net yn de gaten dat hjir wat boppe de natuer \u00fat bart, wat fan boppen komt, fan God. Hat er tefolle de eagen nei \u00fbnderen h\u00e2n, nei de ierde en is er it lykwicht kwyt, it gebiet tusken himel en ierde? Mozes sjocht de himel net, mar de himel sjocht Mozes wol. It ferhaal giet dat as God immen \u00fatkiest foar it grutte wurk, Hy him earst hoeder wurde lit. Want wa&#8217;t de skiep beskermje en r\u00eade kin \u00fat &#8216;e bek fan wylde dieren, kin ek minsken beskermje en r\u00eade.<\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" title=\"Image\" src=\"http:\/\/www.tjerkstra.com\/images\/stories\/deiboek2\/ynternet100_2665.jpg\" alt=\"Image\" width=\"450\" height=\"338\" border=\"0\" hspace=\"6\" \/><\/p>\n<p>Mar Mozes hat neat yn de gaten, driget sels op hillige gr\u00fbn te kommen, mar d\u00ear stekt God in stokje, in st\u00eaf, foar. Want Mozes is dan wol foarbestimd om polityk en geastlik lieder fan it folk Israel te wurden, mar it prysterskip is ornearre foar immen oars. Syn broer A\u00e4ron, de lettere hegepryster, sil wol op hillige gr\u00fbn komme meie.<\/p>\n<p>As Mozes yn de gaten kriget dat er foar hillige gr\u00fbn stiet, wurdt er lytsman. De God fan Abraham, Iza\u00e4k en Jakob, trije fan syn foarfoars &#8211; Trinitatis -, ropt him ta de grutte taak om syn folk te r\u00eaden \u00fat &#8216;e slavernij. En dan set Mozes de hakken yn de \u00fbnhillige gr\u00fbn fan de woestyn: &#8220;Wa bin ik dat ik nei de farao gean soe en dat ik de Israeliten \u00fat Egypte liede soe?&#8221; Hat er te koart op &#8216;e skiep past? Is syn hoedersst\u00eaf noch te koart om de tekens fan de himel op te heinen? Mei oare wurden: stiet Mozes noch net iepen foar de godlike geast?<\/p>\n<p><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" title=\"Image\" src=\"http:\/\/www.tjerkstra.com\/images\/stories\/deiboek2\/ynternet100_2661.jpg\" alt=\"Image\" width=\"338\" height=\"450\" border=\"0\" hspace=\"6\" \/><\/p>\n<p>Foar&#8217;t de slang tusken God en Mozes ynkomme kin, want it moat no ienkear nei trije ta, grypt God yn. En sjoch no ris wat in humor: &#8220;Smyt dyn st\u00eaf op &#8216;e gr\u00fbn!&#8221; En d\u00ear hast him, de slang, net tusken de t\u00fbken fan de paradysbeam, mar kronkeljend en bitend yn it woestyns\u00e2n. &#8220;Pak him by de sturt!&#8221; Wer humor: de slang wurdt fernedere ta in sturtbist, ta wat der achteroan sleept. En sjoch, it kweade feroaret yn de st\u00eaf, de godlike kr\u00eaftboarne.<br \/>\nDan moat it no wol goed komme, mar ho mar! De hakken fan Mozes weagje der noch altyd yn, sa swier as lead. De grutte God en Mozes as lytsman, dy l\u00easte kin gjin sprekken lije. Moat hy it wurd dwaan tsjin de farao? En dan l\u00f4get it fjoer yn it toarnbosk heech op, in l\u00f4gjende grime: &#8220;A\u00e4ron, de Levyt, is dyn broer, net wier? Ik wit dat hy tige it wurd dwaan kin. Ja, hy is sels al \u00fbnderweis, dy yn de mjitte en hy sil fan herten bliid w\u00eaze, as hy dy sjocht.&#8221;<br \/>\nGod, Mozes en A\u00e4ron, Trinitatis, de hillige trije-ienheid.<\/p>\n<p>En dyn en myn libben? Lytsman en lytsfrou. As se troud binne, is twa in pear. En as der bern komme, rint it op nei fjouwer, fiif, seis&#8230; Mar is it gen\u00f4ch om inkeld man en frou te w\u00eazen? Wis, twa is mear as ien. En bern kinne heit en mem ta in lokkige mienskip meitsje. Mar wat is in keppel skiep s\u00fbnder hoedersst\u00eaf? In mienskip fan minsken s\u00fbnder geast? De geast fan fertrouwen, frede, ynspiraasje, ent\u00fbsjasme foar ierdske taken en himelske roppings. Hoe faak komst it noch tsjin dat der by minsken hillich fjoer br\u00e2nt? Dat se ent\u00fbsjast fertelle oer wat se \u00fbndernimme of gewoan oer it deistige dwaan en litten? As pake en beppe deagewoan op &#8216;e skiepkes fan har bern passe. Deagewoan&#8230; do silst bedoele b\u00fbtengewoan libben. Ast dat dochst mei de figuerlike hoedersst\u00eaf, dan komst altyd \u00fat by it tal trije: God, do en it bern.<\/p>\n<p>Bern, jawis, want asto as folwoeksene mei al dyn kennisse net fan omheech \u00fat berne wurdst, kinst it wol ferjitte. De heechlearde learaar Nikodemus snapte der neat fan: &#8220;Moat ik dan weromkr\u00fbpe by \u00fas mem yn it liif?&#8221;<br \/>\n&#8220;Wiswier, wiswier,&#8221; sei Jezus, &#8220;do moatst fan omheech \u00fat berne wurde, \u00fat wetter en Geast, want oars komst gjin streek tichter by de hillige gr\u00fbn, it ryk fan God, en bliuwst op toarre woestyngr\u00fbn stean.&#8221;<br \/>\nNo moatst harkje, want Jezus giet werom nei Mozes yn de woestyn. Dat ferhaal hat wat te sizzen!<br \/>\nIt folk jereminearre syn liedsman alle oeren fan de dei oan de holle: &#8220;Hoe fier moatte wy noch? Wy ha skjin \u00fas nocht fan dit rot libben! Wiene wy mar yn Egypte bleaun. No stjerre wy yn dizze godferlitten woestyn!&#8221;<\/p>\n<p>En sjoch, ynienen wied er der wer, de slang! Net ien, net twa, net trije, nee, h\u00fbnderten krioelen oer de rotsen op &#8216;e Israeliten ta. It kwea dat se sels oproppen hiene, kroep op har ta en spuite har it gif yn de lea. Se rekken ferlamme middenyn it libben en stoaren de kweade gifdea op toarre woestyngr\u00fbn. It folk dat oerbleau, smeke Mozes om libbensbeh\u00e2ld. En God joech de geastlike lieder de hillige taak om te r\u00eaden, sa&#8217;t er earder syn skiep \u00fat &#8216;e bek fan wylde dieren r\u00eaden hie. Mozes makke in slang. De slang fan it paradys feroare yn blinkend koper op in stander, miskien wol yn de foarm fan in st\u00eaf. En elk wa&#8217;t opseach nei de slang, bleau yn libben. Wat in humor: de slang wie no gjin kweade tredde mear, mar God br\u00fbkte him as medisyn om yn libben te bliuwen. God, Mozes en de earste eskulaap, jim witte wol it teken dat in dokter op syn auto hat. Trinitatis, de hillige trije-ienheid.<\/p>\n<p>Asto no man en frou bist, man en frou mei bern of do bist allinnich bleaun of allinnich rekke&#8230; wa&#8217;t omheech sjocht om r\u00eaden te wurden fan it slangegif fan kleilieten, \u00fbnferskilligens of moedeleazens, mei witte dat him of har in st\u00eaf yn hannen j\u00fbn wurdt, de godskr\u00eaft om fierder te gean, troch woestyn en oase hinne op &#8216;en paad nei Gods ryk. God, do en de godsst\u00eaf, in hillige trije-ienheid, Trinitatis.<br \/>\nAmen<br \/>\n<strong><br \/>\n14. Oargelspul<\/strong><\/p>\n<p><strong>15. Sjonge<\/strong><br \/>\nLiet 257: 1<\/p>\n<p><strong>16. Gebed<\/strong><\/p>\n<p>Wy loovje Jo, God \u00fas Heit,<br \/>\nom it libben dat wy krigen ha,<br \/>\nwy bringe Jo tank, Hear Jezus,<br \/>\ndy&#8217;t de earms as in hoeder<br \/>\nom \u00fas hinneslacht,<br \/>\nwy jubelje Jo ta, Hillige Geast,<br \/>\nom it fjoer dat yn \u00fas br\u00e2nt.<\/p>\n<p>W\u00eas, o God, mei minsken<br \/>\ndy&#8217;t gjin\u00a0 libben op ierde ha,<br \/>\ndy&#8217;t gjin earm fine kinne om te steunen,<br \/>\ndy&#8217;t inkeld de kjeld yn de lea fiele.<br \/>\nO God, lit \u00fas net oan har foarbygean,<br \/>\nlit \u00fas as gemeente<br \/>\nlibben bringe,<br \/>\nhoeder w\u00eaze,<br \/>\nen waarmte jaan.<\/p>\n<p>Wy bidde hjoed yn it bys\u00fbnder foar &#8230;<\/p>\n<p>Wy bidde no mei elkoar it gebed<br \/>\nfan de Soan oan \u00fas Heit:<br \/>\nUs Heit yn &#8216;e himel,<br \/>\nlit jo namme hillige wurde,<br \/>\nlit jo keninkryk komme,<br \/>\nlit jo wil dien wurde<br \/>\nop ierde likegoed as yn de himel.<br \/>\nJou \u00fas hjoed \u00fas deistich brea<br \/>\nen ferjou \u00fas \u00fas skulden,<br \/>\nsa&#8217;t ek wy \u00fas skuldners ferj\u00fbn hawwe;<br \/>\nen lit \u00fas net yn fersiking komme,<br \/>\nmar ferlos \u00fas fan &#8216;e kweade.<br \/>\nWant fan jo is it keninkryk<br \/>\nen de kr\u00eaft<br \/>\nen de hearlikheid<br \/>\noant yn ivichheid.<br \/>\nAmen<\/p>\n<p><strong>17. Kollekte<\/strong><\/p>\n<p><strong>18. Sjonge<\/strong><br \/>\nLiet 44: 1, 2, 3<\/p>\n<p><strong>19. Seine<\/strong><\/p>\n<p>Wy geane no nei h\u00fbs<br \/>\nmei op \u00fas netflues griene greiden,<br \/>\nmei yn de earen it liet fan de godsst\u00eaf<br \/>\nen yn \u00fas hert it fjoer fan de geast,<br \/>\nyn it fertrouwen dat God \u00fas leaf hat,<br \/>\ndat Jezus Kristus \u00fas de wei wiist<br \/>\nen dat de Hillige Geast \u00fas ynspiraasje jout.<br \/>\nAmen (trije kear sjongend troch de gemeente)<\/p>\n<p><strong><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" title=\"Image\" src=\"http:\/\/www.tjerkstra.com\/images\/stories\/deiboek2\/ynternet100_2669.jpg\" alt=\"Image\" width=\"450\" height=\"338\" border=\"0\" hspace=\"6\" \/><\/strong><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Tsjinst op 11 juny 2006 yn Broek 1. Tarissing In fuotbal leit op &#8216;e preekstoel, om&#8217;t hjoed de earste wedstriid fan Nederl\u00e2n spile wurdt by it wr\u00e2ldkampioenskip yn D\u00fatsl\u00e2n. Mar it giet fan &#8216;e moarn net om de fuotbalgeast, mar om de Hillige Geast. Broek ken syn eigen fuotbalkampioenen. Op ien fan de finsters yn [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[8],"tags":[],"class_list":["post-8342","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-religy"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/8342","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=8342"}],"version-history":[{"count":4,"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/8342\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":8921,"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/8342\/revisions\/8921"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=8342"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=8342"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=8342"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}