{"id":12562,"date":"2018-11-26T17:57:14","date_gmt":"2018-11-26T17:57:14","guid":{"rendered":"http:\/\/www.tjerkstra.com\/wordpress\/?p=12562"},"modified":"2018-11-26T20:08:06","modified_gmt":"2018-11-26T20:08:06","slug":"tsjinst-der-gled-mei-oan-weze","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/religy\/tsjinst-der-gled-mei-oan-weze\/","title":{"rendered":"Tsjinst &#8216;Der gl\u00ead mei oan w\u00eaze&#8217;"},"content":{"rendered":"<p><strong>Op 25 novimber 2018 yn Itens<\/strong><\/p>\n<p><strong>1. Wolkom<\/strong><\/p>\n<p><strong>2. Utlis liturgysk blomstik<br \/>\n<\/strong><br \/>\n<strong>3. Oargelspul<\/strong><\/p>\n<p><strong>4. Stilte<\/strong><\/p>\n<p>5. Sjonge<br \/>\nLiet \u2018Paradys\u2019<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Paradys.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignnone size-medium wp-image-12563\" src=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Paradys-300x239.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"239\" srcset=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Paradys-300x239.jpg 300w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Paradys-440x350.jpg 440w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Paradys-89x71.jpg 89w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Paradys.jpg 700w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><br \/>\nJan Brueghel de Oude<\/p>\n<p>Alear ha \u2019k wenne yn \u2019t h\u00f4f fan Eden<br \/>\nd\u00ear \u2019k no safier fan \u00f4fdwaald bin<br \/>\nomj\u00fbn fan alle hearlikheden<br \/>\nsa\u2019t nea in minsk betinke kin.<\/p>\n<p>O blide tunen en rivieren<br \/>\no kleare loft, o goede gr\u00fbn &#8211;<br \/>\nik koe de taal fan alle dieren<br \/>\nha ider beest syn namme j\u00fbn.<\/p>\n<p>En God wie altyd om my hinne<br \/>\nmyn libben wie mei sines ien<br \/>\nik koe him oan de waarme sinne<br \/>\nen oan it r\u00fbzjend beamtegrien.<\/p>\n<p>O paradys, sa grien begerze<br \/>\nmyn hert l\u00fbkt nei syn oarsprong ta<br \/>\nen altyd sil \u2019k \u00fbnwennich w\u00eaze<br \/>\nsalang ik dy net werf\u00fbn ha.<\/p>\n<p><strong>6. Bemoediging<\/strong><\/p>\n<p><strong>7. Tsjinst om te betinken<br \/>\n<\/strong><br \/>\nWy binne fan \u2019e moarn by elkoar kommen<br \/>\nom nei te tinken oer wat wy leauwe en net leauwe<br \/>\nen d\u00earoer te sjongen,<br \/>\nmar ek om te betinken de minsken dy\u2019t \u00fat \u00fas libben<br \/>\nweirekke binne.<br \/>\nFoar elkenien is der gelegenheid<br \/>\nom foar syn of har leave neiste in ljochtsje<br \/>\noan te stekken, de namme te neamen<br \/>\nen wa\u2019t d\u00ear ferlet fan hat yn it koart wat te sizzen,<br \/>\nopdat de minsken fan foarby yn \u00fas tinken bliuwe.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Betinking.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignnone size-medium wp-image-12564\" src=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Betinking-300x202.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"202\" srcset=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Betinking-300x202.jpg 300w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Betinking-521x350.jpg 521w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Betinking-102x69.jpg 102w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Betinking.jpg 710w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><br \/>\n<strong><br \/>\n8. Sjonge<br \/>\n<\/strong>Liet \u2018De minsken fan foarby\u2019<\/p>\n<p>De minsken fan foarby, se binn\u2019 noch yn \u00fas tinken.<br \/>\nDe minsken fan foarby, har nammen sille klinke.<br \/>\nWy bringe \u00fas te binnen de wurden en de sinnen.<br \/>\nHoefier yntusken by \u00fas wei, se binn\u2019 \u00fas noch sa nei.<\/p>\n<p>De minsken fan foarby gean mei \u00fas troch de jierren.<br \/>\nDe minsken fan foarby, se binn\u2019 yn \u00fas fermidden.<br \/>\nWy bliuwe nei har talen yn dreamen en ferhalen,<br \/>\nyn wyngeroft of yn in liet dat opklinkt \u00fat fertriet.<\/p>\n<p>De minsken fan foarby, se wurde net ferjitten.<br \/>\nDe minsken fan foarby binn\u2019 yn in godlik witten.<br \/>\nHar pleaget gjin ferline, gjin twivel of gjin pine.<br \/>\nGjin \u00fbnr\u00east komt noch ea tenei de minsken fan foarby.<\/p>\n<p><strong>9. Ynlieding<br \/>\n<\/strong><br \/>\nMen kin der yn it libben gl\u00ead mei oan w\u00eaze, sa gl\u00ead dat men gjin gr\u00fbn mear \u00fbnder de fuotten fielt&#8230; fielt, want \u2018dermei oan w\u00eaze\u2019 hat te krijen mei it gefoel. De emoasje spilet sa heech op dat men fan gjin wei mear wit&#8230; wit, want it libben kin net s\u00fbnder it ferst\u00e2n. As gefoel en ferst\u00e2n yn lykwicht binne, dan is der harmony.<\/p>\n<p>Men sil mar in leave neiste ferlieze, in ferlies d\u00ear\u2019t wy allegearre oer meiprate kinne. Fan \u2019e moarn s\u00fbnder wurden of troch it neamen fan in namme of mei in tal wurden dy\u2019t de ferstoarne rjocht dogge. De minsken fan foarby binne hjir hjoed yn \u00fas fermidden kommen, om\u2019t se \u00fas sa nei binne. As it ferst\u00e2n it allinnich foar it sizzen kriget mei de wurden \u2018kop op, it libben giet fierder\u2019, dan reitsje de ferstoarne neitsten fier\u00f4f. Wa\u2019t it gefoel ek sprekke lit, bygelyks yn dreamen en ferhalen oer de leave neiste, rekket op \u2019en doer wer yn lykwicht.<\/p>\n<p>By it ferlies fan in bern moatte de \u00e2lders wol folslein \u00fat it lykwicht reitsje. De gr\u00fbn rekket \u00fbnder de fuotten wei, sa fielt it. It liket as is der gjin wei mear nei de takomst. It bern sakket net allinnich yn it gr\u00eaf, mar nimt ek in part fan it libben fan de \u00e2lders mei.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/P1050668.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignnone size-medium wp-image-12565\" src=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/P1050668-300x200.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"200\" srcset=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/P1050668-300x200.jpg 300w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/P1050668-768x512.jpg 768w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/P1050668-1024x683.jpg 1024w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/P1050668-525x350.jpg 525w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/P1050668-102x68.jpg 102w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><\/p>\n<p>In moanne lyn r\u00fbn ik op in stoarmige dei op it troch beammen opseame tsjerkhof fan Koudum. De gr\u00eafstien fan \u00fas pake en beppe, beide 87 jier wurden, moast fan de griene oanslach \u00f4f, dus lei \u2019k derby op knibbels, ek om har efkes te betinken. Nei\u2019t harren nammen wer skjin foar it ljocht kommen wiene, r\u00fbn ik fierder en as moast it sa w\u00eaze, de iene nei de oare namme \u00fat It Heidenskip wei kaam my bekend foar. Ynienen seach ik in gr\u00eafstien mei twa nammen en twa foto\u2019s. De heit wie op \u2018een gezegende leeftijd\u2019 ferstoarn en glimke my ta. Mar syn soan Tsjalke wie mar trettjin jier wurden. Ik wie der efkes mei oan, want ek de jonge mei syn lang hier, dat him oer de earen foel, moade \u00fat \u2019e jierren sechtich, hie in glimke om de m\u00fble.<br \/>\n\u2018Hoe koe dit no, Tsjalke?\u2019 gie troch my hinne, mar ik kriich gjin antwurd. Letter ha \u2019k dat antwurd wol krigen.<\/p>\n<p>Doe\u2019t wy it by de tarieding fan dizze tsjinst hiene oer it ferstjerren fan bern, murk Anna Marike op dat se wolris heard hie dat immen as treast oan de \u00e2lders it folgjende meijoech: \u2018God hat jim bern grif weinommen om him te sparjen foar wat him noch te wachtsjen stie.\u2019<br \/>\nD\u00ear sprekt in bys\u00fbnder godsbyld \u00fat: as soe God de fierdere libbensskiednis fan elk minske op ierde al foar eagen ha. Ik moast efkes tinke oan de predestinaasjelear fan Gomarus sa\u2019n fjouwerh\u00fbndert jier lyn: God soe al foar de berte fan in bern besletten ha oft it yn de himel of de hel kaam.<\/p>\n<p>Wy sille yn de oertinking omtinken jaan oan puber Abel en it soantsje fan de farao, Abel \u00fatbylde op in skilderij fan Tintoretto, de \u00e2ldste soan fan de faroa waard werj\u00fbn troch Alma-Tadema.<br \/>\nJim meie wol witte dat ik by it sjen fan beide der gl\u00ead mei oan wie. Sjoch hoe\u2019t de heiten harren soannen op \u2019e knibbels drage en de memmen oer de deade bern hinne b\u00fbge. Komt alles op itselde del?<\/p>\n<p><strong>10. Sjonge<br \/>\n<\/strong>Liet \u2018 Wat beskrep ik, seit de Preker\u2019<\/p>\n<p>Wat beskrep ik, seit de Preker.<br \/>\nDwaasheid wat ik jim fertel.<br \/>\nWant fan ien ding bin ik seker:<br \/>\nalles komt op \u2019t selde del.<br \/>\nW\u00ear\u2019t wy ek \u00fas hert oan jouwe,<br \/>\n\u2019t is gjin spul fan op \u2019en doer:<br \/>\nalles wat wy hjir beklauwe,<br \/>\nbliuwt \u00fateinlik neat fan oer.<\/p>\n<p>Generaasjes komm\u2019 en geane,<br \/>\nmar de ierde bliuwt bestean.<br \/>\nAlle dagen riist de sinne<br \/>\nom d\u00earnei wer del te gean.<br \/>\nHokker fan de fjouwer streken<br \/>\njout de wyn in bliuwend stee?<br \/>\nIvich streame alle beken,<br \/>\nwetter dragend nei de see.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Preker-1.png\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignnone size-medium wp-image-12566\" src=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Preker-1-225x300.png\" alt=\"\" width=\"225\" height=\"300\" srcset=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Preker-1-225x300.png 225w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Preker-1-262x350.png 262w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Preker-1-53x71.png 53w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Preker-1.png 266w\" sizes=\"auto, (max-width: 225px) 100vw, 225px\" \/><\/a><br \/>\nGustave Dor\u00e9<\/p>\n<p>Wurch wurdt men fan alle dingen &#8211;<br \/>\n\u2019t libben is in mealend r\u00ead.<br \/>\nNoait in dei ta r\u00east te bringen,<br \/>\nreitsje each en ear net s\u00ead.<br \/>\nWat der wie dat sil der w\u00eaze<br \/>\nen wat dien is wurdt wer dien.<br \/>\nSa lit him de takomst l\u00eaze<br \/>\n\u00fat \u2019e iuwen lang fergien.<\/p>\n<p>Dingen mear as sljochtwei hinne<br \/>\nsykje wy hjir om \u2019e nocht &#8211;<br \/>\nneat gjin nijs \u00fbnder de sinne,<br \/>\nwat men heart of w\u00ear\u2019t men sjocht.<br \/>\nGeneraasjes fan \u2019t ferline<br \/>\ntinkt gjin minske hjoed noch oan,<br \/>\nsa\u2019t ek wy aanst wer ferdwine<br \/>\n\u00fat \u2019e heugenis fan moarn.<\/p>\n<p><strong>11. L\u00eaze<br \/>\n<\/strong>Genesis 4, 1-8<\/p>\n<p><strong><em>Oanfoljende tekst neffens Tinteretto<br \/>\n<\/em><\/strong><br \/>\nDoe\u2019t Eva it j\u00fbnsmiel klear hie, wiene Ka\u00efn en Abel der net.<br \/>\nMei Adam gie se op \u2019e syk nei har jonges.<br \/>\nSe f\u00fbnen Abel dea by it alter, dat noch smeulde fan it offer.<br \/>\nAdam naam syn jongste soan op \u2019e knibbels en Eva b\u00fbgde<br \/>\noer him hinne en g\u00fblde bittere triennen, want har hert briek.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Abel-1.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignnone size-medium wp-image-12567\" src=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Abel-1-300x243.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"243\" srcset=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Abel-1-300x243.jpg 300w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Abel-1-768x621.jpg 768w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Abel-1-1024x828.jpg 1024w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Abel-1-433x350.jpg 433w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Abel-1-88x71.jpg 88w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Abel-1.jpg 1390w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><br \/>\nTintoretto<\/p>\n<p>Exodus 12, 29-30<\/p>\n<p><strong><em>Oanfoljende tekst neffens Alma Tadema<br \/>\n<\/em><\/strong><br \/>\nDoe\u2019t de farao yn it paleis it jammerjen fan b\u00fbten hearde,<br \/>\nwist er op slach wat der oan de h\u00e2n wie. Mei syn frou gie er<br \/>\nnei de sliepkeamer fan syn \u00e2ldste soan. Hy lei dea op b\u00ead.<br \/>\nDe heit droech him nei de troanseal en lei him op \u2019e knibbels.<br \/>\nDe mem b\u00fbgde oer har jonge hinne en g\u00fblde bittere triennen,<br \/>\nwant har hert briek.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Alma-Tadema-3.jpeg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignnone size-medium wp-image-12568\" src=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Alma-Tadema-3-300x154.jpeg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"154\" srcset=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Alma-Tadema-3-300x154.jpeg 300w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Alma-Tadema-3-768x395.jpeg 768w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Alma-Tadema-3-590x304.jpeg 590w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Alma-Tadema-3-102x53.jpeg 102w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Alma-Tadema-3.jpeg 1010w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><br \/>\nLourens Alma-Tadema<\/p>\n<p><strong>12. Pianospul<br \/>\n<\/strong><br \/>\n<strong>13. Oertinking<\/strong><\/p>\n<p>Oansjen, ik seach it oan en wie der gl\u00ead mei oan.<br \/>\nOansjen, de \u00e2lders kinne it net oansjen. De iene heit draait de holle fansiden, de oare heit stoarret foar him \u00fat. De memmen ha de hannen foar de eagen slein. Folsleine ferbjustering.<br \/>\nEn God de Skepper en God de Heit? Hy seach nei Abel en syn offer en net nei Ka\u00efn en syn offer. De jongste giet by Him foar de \u00e2ldste, sizze de bibelskriuwers. Ka\u00efn kin dit net oansjen en sjocht d\u00earom syn broer net oan. God wol it petear noch mei de \u00e2ldste oangean en wiist op \u2019e konsekwinsjes fan syn delsjen, de s\u00fbnde, mar Ka\u00efn hat mar ien antwurd: hy slacht syn broer Abel dea.<br \/>\nMeie wy twa fragen stelle: \u2018Hoe koe dit no, God? De konsekwinsje fan it inkelf\u00e2ldige oansjen wie deaslach. Hiene Jo dit net foarsjen kind?\u2019<br \/>\nOf leit yn dizze fragen in ferkeard godsbyld besletten?<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ka\u00efn-en-Abel-6.jpeg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignnone size-medium wp-image-12569\" src=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ka\u00efn-en-Abel-6-211x300.jpeg\" alt=\"\" width=\"211\" height=\"300\" srcset=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ka\u00efn-en-Abel-6-211x300.jpeg 211w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ka\u00efn-en-Abel-6-246x350.jpeg 246w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ka\u00efn-en-Abel-6-50x71.jpeg 50w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ka\u00efn-en-Abel-6.jpeg 620w\" sizes=\"auto, (max-width: 211px) 100vw, 211px\" \/><\/a><\/p>\n<p>Op \u2019e troan sit farao Ramses II, dat wie yn de tiid fan Mozes, sa giet it ferhaal, en syn belangrykste frou, Nefertari, wie de mem fan syn \u00e2ldste soan en opfolger. Yn de nacht fan de tsiende pleach rekke de Heare alle \u00e2ldste soannen yn it l\u00e2n fan Egypte deadlik.<br \/>\nMeie wy twa fragen stelle: \u2018Hoe koe dit no, God? W\u00earom moasten bern de deadlike dupe wurde fan de ferhurding fan it hert fan de farao?\u2019<br \/>\nDoe\u2019t wy dizze tsjinst tarieden, murk Douwe op dat der yn de tiid miskien wol in epidemy troch Egypte ware en dat de bibelskriuwers om dy goarre hinne it ferhaal fan de befrijing fan it slavefolk Israel op perkamint setten ha.<br \/>\nDan soe der gjin sprake fan w\u00eaze dat God withoefolle bern de deastraf j\u00fbn hie, want it godsbyld fan de bibelskriuwers seach der no ienkear sa \u00fat.<\/p>\n<figure id=\"attachment_12570\" aria-describedby=\"caption-attachment-12570\" style=\"width: 200px\" class=\"wp-caption alignnone\"><a href=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ramses-II.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"size-medium wp-image-12570\" src=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ramses-II-200x300.jpg\" alt=\"\" width=\"200\" height=\"300\" srcset=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ramses-II-200x300.jpg 200w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ramses-II-233x350.jpg 233w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ramses-II-47x71.jpg 47w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ramses-II.jpg 408w\" sizes=\"auto, (max-width: 200px) 100vw, 200px\" \/><\/a><figcaption id=\"caption-attachment-12570\" class=\"wp-caption-text\">Luxor Timple yn, Egypte<\/figcaption><\/figure>\n<p>Wy geane werom nei it tsjerkhof fan Koudum. Ik r\u00fbn by it gr\u00eaf fan Tsjalke en syn heit wei en kaam by in stien mei it opskrift:<br \/>\n<em>De mens kan van alles van plan zijn, maar de Here bepaalt de loop der gebeurtenissen.<br \/>\n<\/em>Ik r\u00fbn werom nei Tsjalke, skodholle en mompele: \u2018Dat kin net wier w\u00eaze.\u2019<br \/>\nDyselde dei hearde ik it antwurd op myn fraach: \u2018Hoe koe dit no, Tsjalke?\u2019<br \/>\nTsjalke hie der gl\u00ead mei oan west en hie him ophongen yn it treppensgat, trettjin jier jong.<br \/>\n<em>De Here bepaalt de loop der gebeurtenissen?<\/em><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/P1050670.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignnone size-medium wp-image-12571\" src=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/P1050670-300x200.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"200\" srcset=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/P1050670-300x200.jpg 300w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/P1050670-768x512.jpg 768w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/P1050670-1024x683.jpg 1024w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/P1050670-525x350.jpg 525w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/P1050670-102x68.jpg 102w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><\/p>\n<p>Wis, dit is ien fan de godsbylden dy\u2019t guon minsken treast jout, yn \u00fas tiid ek noch.<br \/>\nGodsbylden, de Bibel stiet der fol mei.<br \/>\nYn it Alde Testamint:<br \/>\nGod as Skepper<br \/>\nGod dy\u2019t l\u00fbd jout (bygelyks yn it oansprekken fan Ka\u00efn)<br \/>\nGod fan de ropping (Abraham, Mozes, Samu\u00ebl)<br \/>\nGod dy\u2019t mei de minske wrakselet (mei Jakob by de beek)<br \/>\nGod dy\u2019t \u00fbnskuldige bern straft (de \u00e2ldsten fan Egypte)<br \/>\nGod op \u2019e r\u00each sjoen (troch Mozes op \u2019e Sina\u00ef)<br \/>\nGod as deagraver (fan Mozes)<\/p>\n<p>Mar dan feroaret it godsbyld yn it Nije Testamint:<br \/>\nGod as Heit (fan Jezus, fan de ferlerne soan)<br \/>\nGod as Wurd (by Jehannes)<br \/>\nGod dy\u2019t yn de steek lit (by Jezus oan it kr\u00fas)<br \/>\nGod strieljend as ealstiennen op \u2019e troan (s\u00fbnder foarm)<\/p>\n<p>En yn de iuwen d\u00earnei:<br \/>\nGod as Skepper en op-syn-beloop-litter<br \/>\nGod as natuerlike oerkr\u00eaft yn de kosmos (Albert Einstein)<br \/>\nGod yn de minske (de inerlike God)<\/p>\n<p>Yn de rin fan it tariedend petear murk Hindrik op dat it byld fan de dea yn dizze tsjinst net it l\u00easte w\u00eaze mocht, want Jezus wie der ek noch.<br \/>\nLukas 18, 15-16<br \/>\nSe brochten de lytse bern ek by Jezus,<br \/>\ndat Er dy oanreitsje soe.<br \/>\nMar doe\u2019t de learlingen dat seagen,<br \/>\nstegeren se har \u00f4f.<br \/>\nJezus r\u00f4p de lytse bern lykwols by Him<br \/>\nen sei: \u2018Lit dy bern by My komme<br \/>\nen kear se net. Want foar sokken<br \/>\nis it ryk fan God.\u2019<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Rembrandt-7.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignnone size-medium wp-image-12572\" src=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Rembrandt-7-257x300.jpg\" alt=\"\" width=\"257\" height=\"300\" srcset=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Rembrandt-7-257x300.jpg 257w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Rembrandt-7-300x350.jpg 300w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Rembrandt-7-61x71.jpg 61w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Rembrandt-7.jpg 750w\" sizes=\"auto, (max-width: 257px) 100vw, 257px\" \/><\/a><br \/>\nRembrandt<\/p>\n<p>Meie wy noch ien fraach stelle: \u2018Is Jezus dan it wiere godsbyld?\u2019<br \/>\nFolslein ferlitten troch God oan it kr\u00fas, sa fielde it, lykas Tsjalke him yn it treppensgat ek folslein ferlitten fielde. Mar sjed\u00ear: Jezus wurdt nei 2000 jier noch altyd ta libben roppen. En is it ek net bys\u00fbnder dat Tsjalke de Jong fan Koudum hjoed yn Itens nei in heale iuw ek wer ta libben roppen is&#8230; as ien fan de bern yn de wr\u00e2ld?<br \/>\nAmen<\/p>\n<p><strong>14. Sjonge<br \/>\n<\/strong>Liet \u2018As in bern yn \u2019e wr\u00e2ld\u2019<\/p>\n<p>Wa is yn Gods keninkryk<br \/>\nwichtich as gjin oar te neamen?<br \/>\nHy dy\u2019t oan in bern gelyk<br \/>\nyn \u2019e romte fan syn dreamen<br \/>\nhim fernuvert oer de dingen<br \/>\n\u00fbnder wurden net te bringen.<\/p>\n<p>Refrein<br \/>\nIepen eagen, iepen earen,<br \/>\nen in see fan tiid te gean<br \/>\nom by alles stil te stean,<br \/>\nnoait te grut en noait te \u00e2ld<br \/>\nom ferw\u00fbndering te learen:<br \/>\nas in bern yn de wr\u00e2ld.<\/p>\n<p>Dy\u2019t net oan de dagen tilt<br \/>\nsil in frijheid \u00fbnderfine<br \/>\ngrutter as te keap foar jild,<br \/>\ndat it each sa faak ferbline.<br \/>\nSjoch de rykdom om dy hinne,<br \/>\nsa\u2019t de lytse bern noch kinne.<br \/>\nRefrein<\/p>\n<p>Kom net oan it each fan bern,<br \/>\nstraf se net mei g\u00e2ns ferdwazing.<br \/>\nLit se om har hinne sjen,<br \/>\nfol \u00fbnthjit en fol ferbazing.<br \/>\n\u2019t Heimnis fan \u00fas djipste w\u00eazen<br \/>\nis op har gesicht te l\u00eazen.<br \/>\nRefrein<\/p>\n<p><strong>15. Gebeden<br \/>\n<\/strong><br \/>\nGod fan Adam, Eva, Ka\u00efn en Abel,<br \/>\nwa\u2019t en hoe\u2019t jo oars en fierder ek binne,<br \/>\nwol harkje nei \u00fas gebed.<\/p>\n<p>Wy bidde foar wa\u2019t mei fertriet yn de tsjerke sitte,<br \/>\nmei it ljocht dat fan \u2019e moarn oanstutsen is, harren treast jaan.<\/p>\n<p>Wy bidde foar de minsken dy\u2019t hjir net w\u00eaze koene,<br \/>\nom\u2019t se siik binne of gjin kr\u00eaft mear ha om oer<br \/>\nde tsjerkedrompel hinne te stappen.<\/p>\n<p>Wy bidde foar wa\u2019t beheind wurden binne<br \/>\nyn it stean en gean s\u00fbnder foar\u00fatsicht<br \/>\nop ferbettering.<\/p>\n<p>Wy bidde foar de minsken dy\u2019t dermei oan binne<br \/>\nen harren leauwe deroan j\u00fbn ha,<br \/>\nmeie se nije wegen fine.<\/p>\n<p>Wy litte no de stilte sprekke,<br \/>\ndat \u00fas eigen noeden<br \/>\nJo berikke meie.<\/p>\n<p><strong>\u00a0<\/strong>Liet \u2018God fan fier en hein \u00fas Heit\u2019<\/p>\n<p><strong>16. Kollekte<\/strong><\/p>\n<p>17. Sjonge<br \/>\nLiet \u2018Ut fjoer en izer, soer en s\u00e2lt\u2019<\/p>\n<p><em>Wy dy\u2019t \u00fat ierde berne binne,<br \/>\nbinne mei elkoar op \u2019en paad,<br \/>\nswevend tusken ierde en himel,<br \/>\nsoms mei de holle yn de wolken,<br \/>\nmeastal mei beide fuotten op \u2019e gr\u00fbn,<br \/>\ntaastend nei de wierheid.<br \/>\nD\u00earfan sjongt dit liet.<\/em><\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ierde.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignnone size-medium wp-image-12573\" src=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ierde-300x146.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"146\" srcset=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ierde-300x146.jpg 300w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ierde-768x375.jpg 768w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ierde-1024x500.jpg 1024w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ierde-590x288.jpg 590w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ierde-102x50.jpg 102w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Ierde.jpg 1900w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><\/p>\n<p>Ut fjoer en izer, soer en s\u00e2lt,<br \/>\nsa fier as ljocht, sa ieuwen\u00e2ld,<br \/>\n\u00fat alles komt in mins te wr\u00e2ld<br \/>\nen wurdt wer hieltyd berne.<br \/>\nAs izer yn flam en fjoer,<br \/>\nas s\u00e2lt en bitterswiet en soer,<br \/>\nas minske foar minske oer<br \/>\nsa wurde minsken berne.<\/p>\n<p>As wetter dat in boarne wurdt,<br \/>\nde oar ta stille wink of wurd,<br \/>\nas nimmen wit hoe lyts en grut<br \/>\nsa wurde minsken berne,<br \/>\nas j\u00fbntiid en moarntiidsrea,<br \/>\nas hjir en d\u00ear, as hjoed en ea,<br \/>\nas lea n\u00east in oare lea,<br \/>\nas hantaast nei \u2019t ferlerne.<\/p>\n<p>As ljocht sa fier en \u00e2ld en wiis,<br \/>\n\u00fat ierdeswart en himelgriis,<br \/>\n\u00fat wetter, toarst en fjoer en iis,<br \/>\ntroch toarnen en troch hagen<br \/>\ngean minsken, fan tiid net wis,<br \/>\ntroch libben fjoer dat binend is,<br \/>\nby leed, wille en gemis<br \/>\nmei minsken troch de dagen.<\/p>\n<p><strong>18. Seine<br \/>\n<\/strong><br \/>\nLit \u00fas daliks, by de terp fan Itens del,<br \/>\nweromgean nei de flakten en hichten<br \/>\nfan \u00fas bestean,<br \/>\nelk mei syn of har eigen godsbyld,<br \/>\nseinige troch God, dy\u2019t \u00fat it fjoer wei sprutsen hat:<br \/>\n\u2018Ik bin dy\u2019t ik bin.\u2019<br \/>\nAmen<\/p>\n<p><strong>19. Sjonge<br \/>\n<\/strong>Liet \u2018De frede fan de greiden\u2019<br \/>\n<em><br \/>\nDit liet sjonge wy foar alle minsken fan foarby.<br \/>\nDat wie ek de winsk fan Janny foar har leave neiste<br \/>\nSjirk Hoekstra.<br \/>\n<\/em><br \/>\nDe frede fan \u2019e greiden w\u00eas oer dy,<br \/>\nde frede fan mar en l\u00e2n;<br \/>\nde frede fan \u2019e loften w\u00eas oer dy,<br \/>\nde frede fan waad en str\u00e2n.<br \/>\nDjippe frede mei komme oer dy.<br \/>\nMei Gods frede no w\u00eaze yn dy.<\/p>\n<p><a href=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Greide.jpg\"><img loading=\"lazy\" decoding=\"async\" class=\"alignnone size-medium wp-image-12574\" src=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Greide-300x150.jpg\" alt=\"\" width=\"300\" height=\"150\" srcset=\"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Greide-300x150.jpg 300w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Greide-768x384.jpg 768w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Greide-590x295.jpg 590w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Greide-102x51.jpg 102w, https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-content\/uploads\/2018\/11\/Greide.jpg 950w\" sizes=\"auto, (max-width: 300px) 100vw, 300px\" \/><\/a><\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Op 25 novimber 2018 yn Itens 1. Wolkom 2. Utlis liturgysk blomstik 3. Oargelspul 4. Stilte 5. Sjonge Liet \u2018Paradys\u2019 Jan Brueghel de Oude Alear ha \u2019k wenne yn \u2019t h\u00f4f fan Eden d\u00ear \u2019k no safier fan \u00f4fdwaald bin omj\u00fbn fan alle hearlikheden sa\u2019t nea in minsk betinke kin. O blide tunen en rivieren [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"footnotes":""},"categories":[8],"tags":[],"class_list":["post-12562","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-religy"],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/12562","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=12562"}],"version-history":[{"count":2,"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/12562\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":12576,"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/12562\/revisions\/12576"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=12562"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=12562"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/tjerkstra.com\/wordpress\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=12562"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}